Laden Evenementen
  • Dit evenement is voorbij.

« Alle Evenementen

Toniel “Simmerdepresje”

9 maart, 2025 20:00

€10
De twa doarpen

Willem en Hanny binne de eigeners fan Hotel-Café-Restaurant “Au bord du lac”. It houlik fan dizze beide minsken sit wat yn ‘swier waar’. Dit komt mei troch de strieminne simmer. Hjirtroch is d’r net ien keamer beset. Mar dan komt de skoanmem fan Willem mei trije
freondinnen. Sy wolle de hiele wike bliuwe. Willem kin it bloed fan syn skoanmem wol drinke en ek de freondinnen hâldt hy op ôfstân. Richtsje, de help, kin goed mei Willem, mar sy en Hanny binne fjoer en wetter. Dan komt ek noch de hear Jansma om in keamer te hieren.
Sadwaande binne der no ynienen al fiif keamers beset. Dit stiet Willem wol oan, mar is dat allegearre wol sa moai as it liket? Wêrom komt de mem fan Hanny mei har freondinnen en net mei har man?
Hoe’t dit allegear ôfrint kinne jim sjen op de útfieringsjûnen fan De Twa Doarpen.

Yntree € 10,-
Kaarten allinnich yn it foar te bestellen by Minke Bouwstra fanôf 25 januari 2025.
Til. 06 12289672 tusken 17.00-19.00 oere

Gegevens

Datum:
9 maart, 2025
Tijd:
20:00
Kosten:
€10
Evenement Tags:
, ,

Locatie

De Bokkesprong

Organisator

De Twa Doarpen