Krystferljochting wêr boppe de feart
Ôfrûne sneon hat de follybalferiening Bontebok de krystferlochting wêr boppe de feart ophong.
Wy dogge dit altyd in it earste wykein nei Sinteklaas. Die fersiering is grif 35 jier âld en it bestiet út izeren frames dy’t in krystbeam oft in stjer ferbylde. Troch dat it al sa’n skoft brûkt wurde binne der, elts jier dat wy de fersiering wêr fan souder helje, wol mankeminten. It is dan ek elts ier it momint dat der sein wurdt “der moat wat oars komme” mar dat is dan fierste te let fansels. Benammen de elektryske triedden dy’t heech oer de wei moatte is in kwetsber punt. Haw jo in idee hjir oer, lit it ús witte.

